kaarten

Bestel dyn kaarten no maklik online fia ús webside!
Kaarten binne ek fysyk te keap – as der noch plak is – oan de doar op ‘e jûn sels.

Foarstelling: Memmesiel

Diana is sjoernaliste. It hat har altyd yntrigearre: froulju achter traaljes. Hoe binne se oer de line fan dat wat net kin en mei hinne stapt, en hoe tin is it lyntsje? Diana lit har frijwillich opslute yn in froulju’s sellenblok. Se wol graach mei de froulju prate en in artikel yn de krante hjiroer skriuwe. Dit stuitet foaral by de ‘snoeihurde’ Corine op wierstân. De oare twa gedetinearen, de mondaine Annet en de eks-ferslave Betty wolle lykwols har ferhaal wol dwaan. In ferhaal oer skuld en boete. Mar foaral in ferhaal oer memmen. Hoefolle kin in memmesiel ferneare. As sy tasjen moatte harren bern in wei kieze fan geweld, manipulaasje en kriminaliteit. Hoe djip taast dat yn it gefoel.